Foudgum yt tûzen oaljekoeken

Foudgumers oan it bakken
Foudgum yt moandei oaljekoeken foar it goeie doel. Foar it tredde jier op rige bakke frijwilligers foar de ynrjochting fan in âldheidskeamer foar it eigen doarp. De 85 ynwenners wurkje harren troch 1000 oaljekoeken hinne.
Foudgum hat by tsjerke al in tentoanstelling oer de skriuwer Piet_Paaltjens, dy´t dêr pastoar west hat. Dy eksposysje bliuwt bestean. Yn de âldheidkeamer moatte âlde foto´s en argyfmateriaal tentoansteld wurde.