Fryske Top 100: Reboelje rules

besjoch de list fan 2007
Foar it sande jier op rige stiet Reboelje mei it ferske Marije, Maria op nûmer ien yn de Fryske Top 100. Yn 1998 stie it nûmer noch op plak fjouwer, yn de doe noch Fryske Top 40. Yn 2000 stie Reboelje op twa, mar sûnt 2001 is it liet net fan de kopposysje ôf te krijen.
Fierder steane der 12 nije nûmers yn de list. 37 ferskes giene omheech, wylst 57 omleech giene. Noch fiif oare nûmers bleaune stabyl op itselde plak.