Auto feilich mei âld en nij

© Omrop Fryslân
Krekt as oare jierren kinne bewenners of besikers fan Ljouwert harren auto âldjiersnacht wer feilich kwyt yn de ferskate parkeargaraazjes yn de stêd. Parkeargaraazje Saailân bliuwt de hiele nacht iepen en der is bewaking.
De oare garaazjes De Klanderij, it Hoeksterend en de Aldehou binne oant seis oere fan 'e middei iepen. De auto kin dan op nijjiersdei wer ophelle wurde.