Taksysintrale wol WMO-ferfier
Taxicentrale Wolters mei festigingen yn Drachten, Burgum en Ljouwert nimt mooglik it WMO-ferfier fan Connexxion yn Ljouwert oer. De taksysintrale hat hjir op ynskreaun.
Der kin noch in wike beswier oantekene wurde by de rjochter. Ein jannewaris moat de gemeenteried fan Ljouwert definityf grien ljocht jaan foar de oername troch Taxicentrale Wolters.