Parkearferbod by sportkompleks

© Omrop Fryslân
De parkearoerlêst by de yngong fan it sportkompleks yn Twizel wurdt oanpakt. Troch ter hichte fan de sportfjilden oan de Mounewei yn de wykeinen in iensidich parkearferbod yn stellen hoopje de gemeente Achtkarspelen en Pleatslik Belang Twizel dat de parkearproblemen foarby binne.
De maatregel wurdt naam op fersyk fan Pleatslik Belang en omwenjenden. De parkearoerlêst soarget nammentlik foar ferkearsûnfeilige situaasjes.