Titel Stroetinga en Terpstra

30 des 2007 - 19:01

Wim Stroetinga fan Aldeberkeap is snein mei syn maat Niki Terpstra Nederlânsk kampioen koppelkoers wurden. Op de hurdfytsbaan fan Alkmaar wiene Jens Mouris en Peter Schep harren grutste konkurrinten. It goud waard helle mei 27 punten, njoggen mear as de winners fan it sulver.

It wie foar Stroetinga syn easte goud op dit NK. Hy helle sulver op it ûnderdiel scratch en brûns op de achterfolging en op de puntekoers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)