Kramer Nederlânsk kampioen

Sven is Nederlânsk kampioen
Sven Kramer is op de iisbaan Kardinge yn Grins mei oermacht Nederlânsk kampioen allround wurden. Kramer wûn ek de lêste ôfstan, de 10.000 meter. Hy kaam oer de streek yn in tiid fan 14.41,31. Hy wûn dit wykein alle fjouwer de ôfstannen.
Teamgenoat Wouter Olde Heuvel waard yn it algemien klassemint twadde. It brûns gong nei Ben Jongejan. Ted Jan Bloemen waard fjirde. Dizze fjouwer gean nei it EK yn Ruslân.