Hearrenfean spilet lyk

30 des 2007 - 16:36

In folle better Hearrenfean hat yn it Abe Lenstrastadion mei 1-1 lyk spile tsjin Feyenoord. Troch in doelpunt yn de 17e minút fan Andwele Slory kaam Feyenoord op in 1-0 foarsprong. De Feansters kamen yn de 88e minút op 1-1 troch in fantastyske frije traap fan Gerald Sibon.

Hearrenfean wie twa kear trije kertier de folle bettere ploech. De hoekskop-ferhâlding seit genôch: 17 foar Hearrenfean en 1 foar Feyenoord.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)