Marrit Leenstra nei EK

30 des 2007 - 16:07

Marrit Leenstra fan Wikel is op it NK allround yn Grins fjirde wurden op de 5000 meter. Se kaam oer de streek yn in tiid fan 7.27,49.

Yn it algemien klassemint is Marrit ek fjirde wurden en it fjirde plak betsjut dat se op 12 en 13 jannewaris yn Kolomna (Ruslân) meidocht oan it Europeesk kampioenskip allround. Ireen Wüst is yn Grins Nederlânsk kampioen wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)