Wyn stellen by ynbraak

© Omrop Fryslân
In ynwenner (27) fan Ousternijegea is sneontemiddei oppakt troch de plysje doe't er op de die betrape waard by in ynbraak by in hoarekabedriuw op De Jouwer. In tsjûge hearde lûden oan de achterkant fan it gebou en seach de fertochte mei in rêchsek útnaaien.
De man hie in rút fernield oan de achterkant. Hy koe even letter oanholden wurde op de Midstrjitte. Dêr die bliken dat er flessen wyn stellen hie by it hoarekabedriuw.