Jonge oanholden foar fjoerwurk
In 15-jierrige ynwenner fan Drachten is sneon yn syn wenplak oanholden foar fernielerij. De jonge hie mei help fan in nitraatbom in buordsje opblaasd oan de Waterlelie.
In buertbewenner hie de jonge sjoen en hat him achterhelje kinnen. Yn de wenning fan de jonge waarden nochris 37 nitraatbommen fûn en yn beslach nommen.