Famkes oanholden foar dieverij

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat sneon trije famkes fan 16, 15 en 14 jier âld oanholden op fertinking fan winkeldieverij. De famkes, dy't alle trije yn Ljouwert wenje, binne op de die betrape troch personiel fan in winkel op winkelpark de sintrale.
Op it plysjeburo die bliken dat de froulju ek stellen linzjery by har hiene út in oare winkel oan de sintrale en in winkel op de Nijstêd. De famkes ha proses-ferbaal krigen.