Man dea by ûngelok Sint Anne

© Omrop Fryslân
In man (43) út Froubuorren is sneon om it libben kaam nei in fal mei de fyts. De man fytste op it fytspaad fan de Middelwei-east by Sint Anne, doe't er nei alle gedachten oer de kop fleach. Hy is dêrby sa bot ferwûne rekke oan de holle dat er der oan ferstoarn is.
It ûngelok is troch net ien sjoen en neidat it lichem ûntdutsen wie hat de plysje earst in spoare-ûndersyk dien. Dêrút die bliken dat it om in ûngemak gie.