Brân yn lege wente Akkrum

© Omrop Fryslân
Yn in leechsteande wente oan de Túntsjes yn Akkrum hat sneon koarte tiid brân west. De brân op de boppeferdjipping waard ûntdutsen troch in buertbewenner. De brânwacht waard warskôge en dy har de foardoar yntrape om binnen te kommen.
Dêr kamen se der achter dat de achterkant fan de wente iepenbrutsen wie. Nei alle gedachten hat der jeugd binnen west. De oarsaak fan de brân soe fjoerwurk wêze.