Tal ynwenners Harns tanaam

© Omrop Fryslân
De stêd Harns is yn it ôfrûne jier mei goed 120 ynwenners tanaam. Dat is in trendbreuk mei foargeande jierren. Sa ferlear de stêd noch 180 ynwenners en ek it jier dêrfoar krimpte de befolking.
Dat Harns no wer groeiende is leit benammen oan de taname fan it tal wenningen. Dêrtroch binne der mear minsken fan bûtenút nei de stêd takaam. Der binne dit jier wol mear minsken ferstoarn as der berne binne.