Skea troch brân AZC Sint Anne

30 des 2007 - 10:44

Brân hat sneontejûn foar skea soarge by it asylsikerssintrum yn Sint Anne. De brân begûn yn in kontainer, nei alle gedachten troch fjoerwurk. Troch de brân rekke ien fan de wasserettes fan it sintrum sa beskeadige dat er foarearst net mear brûkt wurde kin.

De brân koe troch persoaniel fan it asylsikerssintrum blust wurde. De brânwacht hat noch wol oan it neiblussen west. Moandei wurdt besjoen hoe grut de skea krekt is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)