Fakkeloptocht op Skier

© Omrop Fryslân
Op Skiermûntseach is sneontejûn foar de sechde kear in fakkeloptocht hâlden. Fanwege de tocht wurdt in diel fan de strjitferljochting út dien. Ek wurdt bewenners frege sa min mooglik ljocht oan te dwaan.
Dit jier gie de tocht foar it earst troch it âlde doarp. De fakkeloptocht is in inisjatyf fan de Rotary op Skiermûntseach. De opbringst giet nei doelen op en bûten it eilân.