Sven Kramer liedt klassemint

29 des 2007 - 17:42

Sven Kramer hat sneon ek de 5000 meter wûn op it NK allround yn Grins. De Aldskoater (21) wûn earder al de 500 meter. Dat bestjut dat de reedrider it klassemint oanfiert.

De regearjend Europeesk en wrâldkampioen allround wie dúdlik in klasse apart. Hy ried in tiid fan 6.28,82. Twad waard Wouter Olde Heuvel yn 6.35,38. Rintje Ritsma stiet op it 17e plak yn it klassemint. Snein wurdt de 1500 en 10.000 meter noch riden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)