Groenewold wint 3000 meter

Op it NK allround yn Grins giet Ireen Wüst nei twa ôfstannen oan de lieding yn it klassemint. De titelferdigener waard twadde op de trije kilometer en earste op de 500 meter. Renate Groenewold pakte yn in nij baanrekord de winst op de 3000 meter yn in tiid fan 4.09.70.
De striid om it belangrike fjirde plak giet tusken Marrit Leenstra fan Wikel en Diane Valkenburg. It fjirde plak jout in ticket foar de EK allround.