Princessehof lûkt mear minsken

29 des 2007 - 13:12

Keramykmuseum it Princessehof yn Ljouwert hat yn 2007 tweintich prosint mear besikers lutsen. Troch de ferbouwing kamen mear minsken nei it Princessehof, mar ek de dit jier iepene parkeargaraazje op it Aldehoustertsjerkhôf spile mei.

By it Fries Museum naam it tal besikers ôf. Yn 2006 kamen dêr in lytse 70.000 besikers, dit jier wiene dat der sa'n 50.000. Yn 2006 luts de jubileumútstalling in soad minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)