CD Zuiderzeeballade oanbean

29 des 2007 - 12:42

It earste eksimplaar fan de nije Zuiderzeeballade wurdt moandei oanbean oan it Reade Krús. It liet is opnaam troch Fryske muzikanten en sjongers, op inisjatyf fan âld-Bilker Titia Lont. De opbringst fan de ferkeap fan it ferske giet nei de aksje Serious Request fan radiostjoerder 3FM. Dy doneart it jild oan it Reade Krús.

De CD wurdt oanbean oan de koördinator fan de aksje en oan de foarsitter fan it Reade Krús, Elco Brinkman.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)