Gjin Alves; debút Loohuis

29 des 2007 - 12:29

Afonso Alves spilet snein net yn de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Feyenoord. De Braziljaan hat noch te folle lêst fan syn hamstring. Ek Thomas Prager docht net mei en Jong a Pin is ek net fit.

Bak Nielsen trainde wol mei, mar kin noch net spylje. Geert Arend Roorda trainde mei, mar sit mooglik op de bank. Niek Loohuis makket syn debút, op it middenfjild spylje Beerens én Poulsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)