Persoan op seebrapaad oanriden

29 des 2007 - 10:30

Op in seebrapaad yn 'e Houtleane yn Drachten is freedtejûn in fuotgonger oanriden. In 30-jierrige autobestjoerster út Sumar hie te let yn 'e gaten dat der in persoan oerstuts. Se koe in oanriding net mear foarkomme.

De fuotgonger is foar ûndersyk oerbrocht nei it sikehûs. Om wa't it giet, is net bekendmakke troch de plysje. It is dus ek net bekend oft in man of in frou is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)