Fjoerwurkkontrôles yn Ljouwert

28 des 2007 - 16:18

Yn Ljouwert is de gemeente op freed begûn mei ûnferwachtse kontrôles by fjoerwurkferkeappunten. De lêste jierren binne de feilichheidseasken in stik stranger wurden. Der binne yn Ljouwert al sân ferkeappunten kontrolearre. By in tal ferkeapers wie it fjoerwurk te heech opsteapele. Dizze ferkeapers krigen in warskôging.

De yndruk fan de earste ferkeapdei is dat der hieltiten djoerder sierfjoerwurk kocht wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)