Michaud tichter by De Vries

Bob de Vries foel freed en ferspile punten (foto Martin de Jong)
Maratonreedrider Bob de Vries is noch hieltyd koprinner yn de Essent Cup, mar syn foarsprong is wol lytser wurden. Syn konkurrint Cédric Michaud hat de efterstân in stik lytser makke; fan 18 punten nei 5 punten. Bob de Vries helle yn Assen yn de tuskensprints acht punten, mar hy die net mei foar de oerwinning. Hy foel. Michaud waard lykwols twadde.
Van Eck pakte de winst. Douwe de Vries fan It Hearrenfean waard tredde.