Van Marwijk jout spilers frij

28 des 2007 - 14:08

Feyenoordtrainer Bert van Marwijk hat foar de wedstriid tsjin Hearrenfean tsien spilers freed in frije dei jûn. Sa hopet Van Marwijk de skerpte by syn spilers werom te bringen. It giet om tsien spilers dy't gewoanwei yn de basis steane. De spilers krije frij, omdat Van Marwijk fynt dat syn spilers de lêste tiid net skerp genôch binne.

As Feyenoord snein yn it Abe Lenstra Stadion wint, dan binne se winterkampioen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)