Liemburg: krisis definityf oer

28 des 2007 - 12:24

Boargemaster Liemburg fan Littenseradiel is der fan oertsjûge dat de bestjoerskrisis yn har gemeente no oer is. Dat sei se freed yn it radioprogramma Omnium. Liemburg sei in soad leard te hawwen fan de krises yn har gemeente.

Liemburg is noch altyd net te sprekken oer de oplossing dy't kommissaris fan de keninginne Nijpels foar it skeel hie. Dy stjoerde oan op it fuortgean fan de boargemaster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)