Soargen oer medaljes Foekje

De eigner fan 'e medaljes fan Foekje Dillema makket him soargen oft de medaljes dy't de hurdrinster wûn wol in goed plak krije yn Fryslân. Jan de Boer krige de prizen fan Foekje sels om mei te nimmen nei Nij-Seelân.
De famylje wol de medaljes fan de begjin desimber ferstoarne atlete graach werom hawwe. De Boer wol earst dúdlikens ha wat der mei de medaljes bart foardat hy se werom jout. Dillema wie yn har tiid ien fan de fluchsten.