Jonges sjitte mei buks
Twa jonges fan 11 en 14 jier hawwe moandei yn Beetstersweach in 35-jierrige doarpsgenoat besketten. De man fernaam dat er rekke waard doe't er op de Boskleane by in wenhûs del fytste. Hy seach dêr de twa jonges mei luchtdrukwapens sjitten.
De plysje hat de wapens yn beslach naam. Fierders hat de plysje ek mei de âlden fan de jonges praat.