Man komt om by ûngelok
In man fan 84 jier út Kûfurderrige by Wâldsein is tongersdei om it libben kaam by in ûngelok. Hy stuts yn syn wenplak op 'e fyts op in rydbaan fan 'e Jeltedyk oer.
Op dat stuit kaam der in 64-jierrige frou út Drachten yn 'e auto oan. Se koe de man net mear ûntwike. De fytser wie op slach dea.