Tjitte Piebenga ferstoarn

28 des 2007 - 08:57

Frysk dichter, skriuwer en resinsint Tjitte Piebenga is ferstoarn oan in sykte. Piebenga wie de lêste tiid benammen bekend fan syn literêre resinsjes yn 'e Ljouwerter krante. Hy hat in roman útbrocht, skreau yn literêre tydskriften en hat tolve kear de Rely Jorritsmapriis wûn.

As sjoernalist wurke Piebenga ek foar Vrij Nederland en Het Vrije Volk. Takom snein is yn Frjentsjer in betinking foar Tjitte Piebenga.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)