Wolvegea goed yn oaljekoektest

28 des 2007 - 07:06

In Stellingwerver bakkerij is de bêste bêste Fryske oaljekoekbakker, neffens de jierlikse test yn krante AD. Vliegendehond yn Wolvegea stiet op plak 20. Terpstra yn Easterwâlde einige op 36. Oaljekoekekream Troost op 'e Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert stiet trije plakken leger, op 39.

Minder goed te sprekken wie de sjuery oer Sjoerd Everts Oliebollenkraam yn Dokkum. Hy stiet op plak 77 yn 'e kategory hiel min/ûnferkeapber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)