Hearrenfean ferliest fan Roda

27 des 2007 - 22:19

Sc Hearrenfean hat tongersdeitejûn yn Kerkrade mei 1-0 ferlern fan Roda JC. De thúsklub skoarde binnen de minút it iennichste doelpunt. Hearrenfean-spits Sibon wie tichtby de lykmakker mar rekke de peal. Yn de twadde helte krige Michel Breuer in reade kaart. Hy skopte in Roda spiler yn de búk.

It is it twadde ferlies op rige fan Sc Hearrenfean. Snein moat de ploech wer oan de bak. Yn it Abe Lenstra stadion is dan Feyenoord de tsjinstanner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)