Afonso Alves licht blessearre

27 des 2007 - 12:40
  • Alves hat lest fan in hamstring-blessuere

Afonso Alves hat lest fan in lichte hamstring-blessuere. It is hjirtroch twiveleftich oft de Braziliaanske spits tongersdeitejûn wol fuotbalje kin yn de útwedstriid tsjin Roda JC. Gertjan Verbeek en de medyske stêf sille pas flak foar de wedstriid in definityf beslút nimme oer it wol of net ynsetten fan Alves.

By Hearrenfean komt Breuer wer werom. Hy spilet achteryn mei Jong-a-Pin, Henrico Drost en Michael Dingsdag.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)