Fernielings pizzeria Haulerwyk

27 des 2007 - 10:44

In groep manlju hat op Twadde Krysdei saken fernield yn in pizzeria yn Haulerwyk. Twa manlju út de groep hienen pizza's besteld, mar wienen fuortgong sûnder dy te beteljen. Doe't de eigner fan de pizzeria har dêr op oanspruts goaiden de twa in oven om.

Letter kamen de twa werom mei mear manlju. Doe waarden ruten ynslein en waarden der dûken skopt yn de auto fan de eigner fan de pizzeria.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)