Soad belangstelling foar Alves

Der is wer grutte belangstelling fan 'topclubs' foar Alves
Fertsjinstwurdigers fan ferskate grutte Europeeske fuotbalklubs hawwe har melden by sc Hearrenfean om te praten oer it mooglik oernimmen fan de Brazyljaanske spits Afonso Alves. Ek by saakwaarnimmer Roberto Tiburcio yn Brazylje ha ferskate klubs har melden.
Neffens it parseberjocht fan Wagner Augusto, de wurdfierder fan Alves, kin de Brazyljaan oernommen wurde foar in bedrach fan 'op syn minst' 20 miljoen euro.