Lokale omrop Oskar hâldt op

De lokale omrop fan Skarsterlân Oskar hâldt definityf op mei de útstjoerings op de radio. It bestjoer hat gjin opfolgers fine kinnen en derom ha se besletten om op nijjiersdei de stekker der út te lûken. De tv-útstjoerings fan 'e omrop wiene earder al ophâlden omt der net genôch frijwilligers wiene om nije programma's te meitsjen.
De ôfrûne jieren hat de gemeente in soad jild stutsen yn it behâld fan de stjoerder, mar dat is net slagge.