Twangsommen foar piraten

26 des 2007 - 13:21

It agintskip Telecom hat de lêste dagen twangsommen oplein oan tal fan piratestasjons dy't mei de feestdagen maratons op de radio útstjoere. As de piraten foar in twadde kear op itselde adres betrape wurde, moatte se betelje.

Yn Tsjom binne seis radio-amateurs dwaande mei in maraton, wêrfan't de opbringst is foar minsken mei in longsykte. Sy binne al in kear betrape mar geane dochs troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)