Winterdrokte yn haven Skylge

26 des 2007 - 11:00

It is topdrokte yn de jachthaven fan Skylge. Ek yn de winter geane hieltiid mear minsken mei de boat it wetter op, sadat tusken de krystdagen en âld en nij in tredde fan lisplakken fol leit.

Omdat de haven fan Flylân op it stuit ticht is foar wurksumheden en troch it sachte waar, ferwachtsje de havenmasters in pear drokke dagen. Ferline jier leine der 100 boaten, dat wurde der no grif mear, tinke se.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)