Skeel oer fûgel-waskmasine

De fûgelwaskmasine wachtet op reparaasje
Der geane yn fûgelopfangsintrum De Fûgelpits by Moddergat folle mear fûgels dea as nedich. Dit komt omdat de oaljeslachtoffers mei de hân skjinwosken wurde moatte en dêr kinne in soad fûgels mar min oer.
De spesjale fûgelwaskmasine fan it sintrum is al twa jier stikken. Reparaasje sit der net yn fanwege spul tusken De Fûgelpits en de ynstallateur oer in ûnbetelle rekken. Troch dit skeel moatte de fûgels it belije.