Krystfiering mei sport

© Omrop Fryslân
Mear as trije tûzen minsken, jong en âld, besochten op Krystjûn de Krystnachtfiering yn de Sportstêd op It Hearrenfean. En dat is in pear hûndert mear as ferline jier.
It nijsgjirrige wie dat de fiering dit jier útein sette mei sport en spul yn de sporthallen. Oanslutend wie de tsjerketsjinst. De jûn waard ôfsluten mei in drankje. Der waard oan de fiering meiwurke troch ferskate koaren en korpsen.