Medalje foar Fryske korporaal

25 des 2007 - 12:29

De Fryske korporaal Popke van Hijum hat moandei oan board fan fregat HM De Ruyter in Carnegie-heldemedalje krigen. Hy krige de ûnderskieding fan kommendant der strijdkrachten Dick Berlijn, dy't in besite brocht oan de bemanning fan it marineskip.

Van Hijum hat de heldemedalje krigen omdat hy yn maart dit jier mei noch twa oaren in man út in baarnend hûs rêden hat. It marineskip de Ruyter fart foar de kust fan Libanon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)