Dochs jild foar tsjerke Wier?

25 des 2007 - 11:48

De tsjerke fan Wier wurdt mooglik dochs restaurearre yn 2008. De stifting Alde Fryske Tsjerken hat in oanfraach dien foar in subsydzje fan 700.000 euro.

Direkteur Zwartelé hopet yn de maaitiid te hearren oft it bedrach takind wurdt. De restauraasje fan de tsjerke kostet goed ien miljoen euro. De tsjerke fan Wier die yn oktober mei oan tv-programma De Restauratie, mar rûn doe de priis fan ien miljoen mis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)