Krystpakket foar earme minsken

de krystpakketten binne foar de earme minsken
Kor Wijmenga fan Sint Anne soarget mei de Krystdagen foar de earme minsken. Al sa'n tsien jier sammelt er mei syn stichting De Barmhartige Samaritaan guod yn en dielt dat wer út.
Dit jier hat er it drok mei pakketten snobbersguod. Yn in skuorre yn Aldebiltsyl steane 1200 doazen. In part dêrfan giet nei dakleaze-opfang De Terp yn Ljouwert. Oare pakketten binne foar bernetehuzen, de Goederenbank en asylsikerssintra.