Ferbod op útstjoering piraten

© Omrop Fryslân
Ferskate radiopiraten hawwe moandei in brief krigen fan it Agintskip Telecom, de eardere radiokontrôletsjinst. It giet om piraten dy't dwaande binne mei maraton-útstjoerings foar it goede doel.
Yn dy brief stiet dat se fuortendaliks ophâlde moatte mei dy útstjoering. Oars krije se in boete fan 4500 euro foar eltse dei. In diel fan de piraten wol no fan in oare lokaasje ôf trochgean mei de útstjoering.