Bilker rydt mei auto feart yn

© Omrop Fryslân
In man (50) is sneintenacht mei syn auto yn 'e Feinsumerfeart riden en dêrnei nei hûs ta gien. In foarbygonger seach de auto by Aldeleie en warskôge de plysje. Dy liet in dûker komme om de auto en de feart te ûndersykjen. Der waard gjinien fûn.
It die bliken dat de auto fan de man út Aldebiltsyl wie. Hy ûntkende earst dat er riden hie, mar joech letter al ta. Hy hie in rydûntsizzing en syn auto wie net fersekere.