Soad toeristen nei eilannen

toeristen witte de eilannen goed te finen
De Waadeilannen krije dizze wiken in soad toeristen op besite. Dat docht bliken út sifers fan de VVV's op de eilannen. Yn trochsnee is sa'n 85 prosint fan de fakânzjehuzen beset. Op It Amelân 75 prosint fan de fakânsjehúskes ferhierd, wylst dat op Flylân 95 prosint is. Ek de hotelkeamers rinne goed.
Nije wike komme noch in soad Dútsers nei de Waadeilannen. Dy fiere earst de Krystdagen thús.