Bob de Vries 10e op maraton

Bob de Vries (foto Martin de Jong)
Miel Rozendaal hat snein yn Amsterdam de tsiende maraton foar de Essent Cup wûn. De reedrider út Warmenhuizen wie yn de einsprint de rapste fan in kopgroep fan fjouwer man. Bob de Vries fan De Haule einige as tsiende en bliuwt lieder yn it klassemint.
By de froulju wûn Mireille Reitsma fan Emmeloard. Elma de Vries stiet yn it algemien klassemint op in twadde plak.