Hemstra's winne Molenrin

© Omrop Fryslân
De Molenrin, in heale maraton yn Froubuorren, is sneon wûn troch Saco Hemstra. De atleet út Weidum kaam mei 4 minuten foarsprong op nûmer twa Hans Baart út Middenmeer oer de streek. Hemstra rûn de heale maraton yn in tiid fan 1.21.55.
It famyljefeest waard kompleet doe't by de froulju Wilma Hemstra wûn, de frou fan Saco.