Brouwer trainer by Flevo Boys

© Omrop Fryslân
Willem Brouwer wurdt it folgjende seizoen trainer fan de sneonshaadklasser Flevo Boys. Op dit stuit is de Drachtster trainer fan de koprinner fan de twadde klasse I yn it sneonsfuotbal BCV út Burgum. Willem Brouwer hat twa jier trainer west fan BCV. Ferline jier helle hy de neikompetysje. Hy wol dit jier mei de Burgumers promovearje nei de earste klasse.